Pillerobot foar Fryske doarpen

© Omrop Fryslân
Hûsdokters op it Fryske plattelân krije, as it oan soarchfersekerder de Friesland leit, in robotapotheek. By sa'n apparaat kinne pasjinten mei in streepkeskoade op it resept medisinen helje, sa as je jild út de pinautomaat helje.
De robotapotheek is in útfining fan it Ljouwerter bedriuw AutoPharma en stiet sûnt oktober by apotheek Boiten yn Ljouwert. Dat foldocht sa goed dat it de soarchfersekerder tinkt dat de doarpen in soad oan de robot ha kinne.