1,5 miljoen foar monuminten

01 jul 2008 - 15:07

Njoggen monumintale bouwurken yn Fryslân krije meiïnoar 1,5 miljoen euro stipe. Fiif tsjerken, twa tsjerketuorren en de sluzekompleksen fan Bûtenstfallaat en it Dokkumer Grutdjip krije monumintesubsydzje.

Alle tsjerken dêr't de oanfraach fan takend is, binne noch yn gebrûk foar fieringen. It giet ûnder mear om de Sint Vitustsjerke yn Blauhûs en de tsjerke fan Wiuwert. Ien fan de projekten dy't achter it net fisket is, is de tsjerke fan Wier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)