Greunsbrêge: foute planning

01 jul 2008 - 12:23

De gemeente Ljouwert hie better neitinke moatten oer de fraach wannear't wurke wurde moat oan de Greunsbrêge. De brêge yn 'e súdlike rûnwei is no ticht foar de skipfeart, wylst it krekt fakânsje is.

Neffens havenmaster Trienco Tuinstra fan de jachthaven flakby de brêge hie dat oars moatten. It ûnderhâld hie neffens him fan't hjerst of yn de winter ek wol kinnen. Ferkear kin der wol noch del. De brêge sit deun by de drokke Aldlânsdyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)