Motorrider 62 km te hurd
In 44-jierrige motorrider út Hurdegaryp is moandeitejûn syn rydbewiis kwytrekke om´t er fierste hurd ried. Op de Grinzerstrjitwei gie er 162 kilometer yn ´e oere. Dêr is 100 it maksimum.
De plysje stie by de dyk te kontrolearjen mei in lasergun. De man waard oan ´e kant set, moast syn rydbewiis ynleverje en krige in prosesferbaal.