Hûn oanriden op autodyk A7

© Omrop Fryslân
De plysje siket de eigner fan in hûn dy't moandeitejûn op de autodyk A7 by Terwispel oanriden waard. Plysjes fûnen de hûn yn de middenberm fan de dyk, nei meldings fan tsjûgen. It bist liet him net fange, rûn de rydbaan op en waard oanriden troch in auto. De hûn rekke ferwûne en is mei de biste-ambulânse ôffierd.
Wa't de eigner fan 'e hûn is, is noch net bekend. De hûn liket op in stabij. It giet om in brún-wite teef mei in blauwe halsbân.