Grutste opdracht foar PTH

30 jun 2008 - 18:59
  • De grutste opdracht foar PTH

De ferbouwing fan de Saxion Hegeskoalle yn Deventer en Enschede hat de PTH-groep yn Kollumersweach de grutste opdracht yn har skiednis oplevere. It bedriuw sil de technyske helpmiddels foar de dosinten leverje. Goed 180 leslokalen moatte ynrjochte wurde mei ûnder oare beamers en lûdsynstallaasjes. Derneist levert PTH in simpel 'touchscreen'-systeem dat de dosinten helpe moat by de betsjinning.

De opdracht levert de PTH-groep goed 2,5 miljoen euro op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)