G-fuotbaltoernoai yn Snits

G-fuotbaltoernoai yn Snits
De fuotbalfjilden fan LSC 1890 yn Snits binne moandei, tiisdei en woansdei it dekôr fan G-fuotbal. Meiïnoar 25 jeugdfuotballers mei in beheining dogge dêr mei oan de fuotbaldagen fan de KNVB.
It fuotbalbûn organisearret al jierren de fuotbalwiken foar jeugdfuotballers, mar no foar it earst dus ek foar bern mei in beheining. Coach Foppe_de_Haan fan Jong_Oranje iepene moandei de fuotbaldagen yn Snits mei in tal stimulearjende wurden.