Monteur by spoarbrêge Akkrum

30 jun 2008 - 13:09

Der komt de kommende wiken mooglik in fêste monteur by de spoarbrêge Akkrum.

De brêge is sûnt de oplevering te faak stikken. It ôfrûne wykein wiene der bygelyks wer steurings op sneon en snein. En dêr wol behearder ProRail no wat oan dwaan. Seker omdat it trajekt Ljouwert-Hearrenfean in wichtige spoarferbining is. De brêge hat lêst fan bernesyktes. Ofrûne sneon koe de spoarbrêge bygelyks net mear ticht doe't der in boat del west hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)