Dirk Fabriek wint grand prix

Dirk Fabriek (foto Martin de Jong)
Dirk_Fabriek fan It_Hearrenfean hat dit wykein yn it Frânske St_Macaire in grand_prix_race wûn dy´t meitelt foar it wrâldkampioenskip gers- en langbaan. It is foar it earst dat in Fries in grand_prix om it WK wint.
Yn de tuskenstân foar it WK stiet Fabriek nei twa wedstriden no 2e mei mar ien punt achterstân op de Dútser Gerd_Riss. Theo_Pijper en Jannick_de_Jong, de twa oare Friezen dy´t meidogge, stean nei twa wedstriden op it alfde en it trettjinde plak.