Mûnen Dongeradiel restaurearre

Twa mûnen wurde opknapt
De mûnen Zeldenrust yn Dokkum en De_Eendracht yn Eanjum wurde restaureard. Se krije dêrfoar subsydzje fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Der is 270.000 euro beskikber steld oan de stichting Monumentenbehoud Dongeradeel.
Fan De_Zeldenrust yn Dokkum wurde de kap, stelling, sturt en binnenroede oanpakt. De_Eendracht yn Eanjum krijt in nije stelling en it foechwurk wurdt restaurearre. Foar 2010 moat it wurk klear wêze.