6000 minsken by Simmerdeis

29 jun 2008 - 15:32
  • De iepeningsact fan Simmerdeis

It Simmerdeis-festival yn Smellingerlân hat dit wykein sa'n 6000 minsken lutsen en dat is neffens de organisaasje mear as ferline jier. De measte minsken kamen sneon ôf op in optreden fan Direct.

Ek yn de doarpen wiene der foarstellings dêr't je as in soarte fan doarpetocht by del koene. Snein kaam it publyk foaral út Drachten, mar de ôfrûne dagen kamen der ek minsken fan fierder fuort op it festival ôf. In soad foarstellings wiene fergees.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)