Bikepark iepene op It Fean

29 jun 2008 - 14:44
  • It grutste bikepark fan Nederlân

It grutste bikepark fan Nederlân is sûnt sneon op It Hearrenfean te finen. Foar de jongerein op mountainbikes en BMX-fytsen is der op inisjatyf fan de jongerein sels in grut parkoers oanlein.

Op de bulten wurde allerhanne stunts úthelle, ek troch minsken fan bûten Fryslân. Der kamen sels dielnimmers út it suden fan it lân op ôf. Wethâlder Buwalda fan It Hearrenfean iepene it bikepark, mei dêr omhinne in soad muzyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)