Fernielings op It Hearrenfean

29 jun 2008 - 13:22

De plysje op It Hearrenfean hat sneintemoarn betiid trije jonges oanhâlden dy't yn twa strjitten yn it plak saken fernield hienen. Op de Heideburen en Het Meer fernielden se brievebussen, ferkearsbuorden, túnstuollen en beplanting.

It giet om in jonge fan 16 fan De Tynje, ien fan 18 fan It Hearrenfean en in Gordykster fan 17 jier. De plysje waard ynskeakele troch in bewenner fan ien fan de strjitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)