NAM test gasput Ingwierrum

© Omrop Fryslân
De NAM test de kommende wike de gasput by Ingwierrum. De ôfrûne tiid is de put wer geskikt makke foar it winnen fan gas. Om te sjen oft er goed wurket wurdt der de kommende wike gas út de grûn helle. Dat moat neffens de regels by de put sels ferbrând wurde.
De NAM sil dat wurk benammen oerdei dwaan, mar warskôget dat it wurk ek jûns en nachts plakfine kin. Dat sil mooglik oerlêst jaan foar de omjouwing.