Skier ferwachtet minder miggen

29 jun 2008 - 10:23

Skiermûntseach ferwachtet dizze simmer gjin problemen troch stekmiggen. Ferline jier soargen miljarden miggen foar in soad oerlêst. Ut in ûndersyk die bliken dat dy miggen der benammen wienen omdat it flink wiet wie op it eilân.

Op dit stuit stiet it grûnwetter op Skiermûntseach leech en is der de lêste tiid hast gjin rein fallen. It eilân tinkt dat it dêrom dizze simmer tafalle sil mei de miggen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)