Klaas Pot sunichste sjauffeur

29 jun 2008 - 08:03

Frachtweinsjauffeur Klaas_Pot út Aldegea (Smellingerlân) hat sneon de wedstriid ´Zuinigste Rijder van Nederland´ wûn. Hy wie fan tsien frachtweinsjauffeurs de sunichste. Pot ferbrûkte foar in ôfstân fan 100 kilometer 38,6 liter disel.

By de gewoane auto´s wûn in ynwenner fan Purmerend. Hy ferbrûkte foar de 100 kilometer 5,86 liter brânstof. De wedstriid waard organisearre om sunich autoride te promoatsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)