Hearrenfean start yn Volendam

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean set it nije seizoen op snein 31 augustus útein mei in útwedstryd tsjin debutant Volendam. In wike letter komt FC Utrecht op besite. De earste topper is op 5 oktober út tsjin Feyenoord. It programma is noch in konsept.
SC Cambuur begjint al op freed 8 augustus oan de kompetysje. Op dy dei stiet de útwedstryd tsjin Fortuna Sittard op it programma. Op 15 augustus komt FC Dordrecht yn Ljouwert op besite foar de earste thúswedstryd.