Schievink wint yn Bûtenpost

Henk Schievink (foto: Martin de Jong)
Fierljepper Henk_Schievink fan Ljouwert hat sneon yn Bûtenpost syn fjirde oerwinning fan it seizoen binnen helle. Schievink sette yn syn earste sprong 18.81 meter del. En dêr kaam net ien mear oer hinne. Twadde waard Thewis_Hobma fan Easthim mei 18.49. It tredde plak gie nei Ysbrand_Galama fan It Heidenskip mei 18.38.
By de junioaren wûn Jacob_Scherjon mei in persoanlik rekord fan 18.55. Anne_Jet_Leyenaar wie de bêste by de froulju. By de jonges wûn Folkert_Heida.