Stephan v.d. Pal wint triatlon

28 jun 2008 - 15:41

Stephan_van_der_Pal út Ljouwert hat sneon de twadde edysje fan de triatlon fan Stiens wûn. Nei tûzen meter swimmen, fjirtich kilometer fytsen en tsien kilometer rinnen, kaam er yn in tiid fan 2.02,02 oer de einstreek.

De Grinzer Jasper_van_Olst út Grins waard twadde yn 2.05,44. By de froulju wie Gea_Hut fan Haulerwyk de rapste yn 2.27,23. Geke_Venema út Easterlittens waard tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)