Fjochtpartij yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht nei sneon fjouwer Ljouwerters yn de leeftiid fan 19 oant 26 jier oanholden. De fjouwer manlju wiene yn de Alde Doelesteech belutsen by in fjochtpartij mei ûnder oare fjouwer meiwurkers fan in kafee.
Dy ûntstie neidat in meiwurker fan it kafee besocht in fjochtpartij del te bêdzjen, mar dat mislearre. De plysje slagge der úteinlik yn om de fjouwer fertochten oan te hâlden en nei it plysjeburo oer te bringen.