Nij opspoaringsprogramma op TV

28 jun 2008 - 13:17

Plysje Fryslân en it iepenbier ministearje begjinne in opspoaringsprogramma op GP-TV. Dat ferfangt Plysjepost, dat oant no ta útstjoerd waard by Omrop Fryslân.

Neist opspoaringsberjochten wurde yn it nije programma by GP-TV ek previnsjetips en algemiene ynformaasje oer it wurk fan plysje en justysje jûn. Wannear't it programma foar it earst útstjoerd wurdt, is noch net bekend. GP-TV is fia de kabel te sjen yn 21 Fryske gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)