Oerfal op winkel Jorwert

28 jun 2008 - 11:54

De plysje hat freed manmachtich socht nei de fjouwer oerfallers fan in winkel yn Jorwert. Dy namen oan de ein fan de middei de klús út de winkel mei en gienen der dêrnei fan troch yn in auto. Dat waard sjoen troch tsjûgen en dy skeakelen de plysje yn. Dy seach de auto yn de buert fan Offenwier riden.

Uteinlik waarden de fjouwer by in camping by De Potten klemriden. Dêr naaiden se út. Trije binne yn de omkriten fan de camping oppakt. In fjirde is noch hieltyd net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)