Acht ton foar monuminten

© Omrop Fryslân
De provinsje jout yn ien kear mear as 800-tûzen euro út oan 37 monuminten yn Fryslân. Dat is it hiele budzjet foar dit jier. Eins soe dat yn twa kear ferdield wurde, mar der is safolle belangstelling dat al it jild no yn ien kear al op is.
It giet foaral om tsjerken en pleatsen. In pleats by Donkerbroek krijt it measte jild; 60-tûzen euro. Ek de grifformearde tsjerke fan De Harkema krijt yn ferhâlding in soad jild; mear as 55.000 euro.