Byld Date yn Twizel opknapt

© Omrop Fryslân
It brûnzen byld fan it Twizeler jonkje Date út 1987 hat in nije sokkel. Dizze is skonken troch Stienhouwerij Bûtenpost en is freed ûntbleate troch de makker fan it byld; Gosse Dam.
It byld fan it jonkje Date is makke nei in idee fan in persoan út de roman 'De Hoara's fan Hastings' fan skriuwster Simke Kloosterman út Twizel. It byld stiet by it âlde ûnderkommen fan doarpshûs De Bining yn Twizel. Yn de perioade dat der wurke is oan de sokkel is ek it byld opknapt.