Minút stil foar moard Blesse

28 jun 2008 - 08:32

Ynwenners fan De Blesse hawwe freedtejûn by it begjin fan it doarpsfeest ien minút stilte holden foar Ida Klijnstra út it doarp. De frou waard moandei yn har hûs om it libben brocht.

Yn de tinte, dy't der stiet foar it jierlikse doarpsfeest, waard stilstien by de gewelddiedige dea fan de 52 jierrige frou. Net elkenien wie yn de stimming om feest te fieren. Der wiene dúdlik folle minder minsken by de iepening oanwêzich as oars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)