Berltsum wer pelotekampioen

Berltsum hat freedtejûn opnij it iepen Frysk kampioenskip jeu de pelote wûn. Op it eigen plein wie tsjinstanner Easterlittens foar it skoft lykweardich oan de Berltsumers. Healwei stie Littens mei 5-4 foar.
Nei de ûnderbrekking wie der neat mear oer fan it goede spul. Easterlittens makke in protte flaters en samar hie Berltsum, ek al winner yn 2006 en 2007, de tsien spul en de wikselpriis "it pealtsje fan Easterlittens" te pakken.