Nij eksperimint waadfiskerij

27 jun 2008 - 18:35

Seis profesjonele waadfiskers hawwe as earsten in groepsfergunning krigen om op it Waad te fiskjen. It giet om in eksperimint fan fiif jier. Doel is om de lytskaliger mingde waadfiskerij in kâns te jaan.

De seis fiskers sille fiskje op tal fan fisksoarten, dy't op dit stuit net fongen wurde troch de spesjalisearre fiskers. De garnale- en kokkelfiskerij dogge foarearst net mei oan de pilot. Under de seis waadfiskers binne ek twa Fryske fiskers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)