Minder foar hûs troch UMTS

27 jun 2008 - 17:44

Huzen dale yn wearde as der in UMTS mêst yn'e buert komt te stean. Se hoege dêrtroch minder belesting te beteljen. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert bepaald.

Dit nei oanlieding fan in rjochtsaak fan Geert Oostra út Mantgum tsjin de gemeente Littenseradiel, omt der tichtby syn hûs in UMTS-mêst komt. Oostra is bang dat de strieling sûnensproblemen opsmyt en sa syn hûs net mear ferkeapje kin. De WOZ-wearde giet by Oostra mei 15 prosint omleech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)