Tiisdei útspraak De Feanhoop

© Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Ljouwert docht no tiisdei útspraak yn it koart pleit oer it wol oft net troch gean fan it Feanhoopfestival yn it wykein fan 11 en 12 july. It koart pleit giet tusken kampingbaas Theo de Groot en de gemeente Smellingerlân.
Neffens De Groot hat syn camping oerlêst fan it festival en hy wol dan ek net dat it festival trochgiet op it plak by de camping. Hjir binne ferline ôfspraken oer makke, mar de gemeente hat dochs wer in fergunning ôfjûn.