Megagolf troch Tiger Doeksen

27 jun 2008 - 16:13
  • De Zwarte Ruiter krekt nei it ynsidint

De flugge boaten fan rederij Doeksen soargje foar gefaarlike situaasjes op it wetter. Sa seit skipper Reinout Oosterveld fan de tsjalk Zwarte Ruiter út Frjentsjer. Hy kaam ferline wike op de Waadsee by Skylge yn de problemen troch ien fan dy flugge boaten, de Tiger. Dy boat kaam him temjitte mei in golf fan goed 3 meter heech.

Skipper, frou en fjouwer gasten rûnen in wiet pak op en ien opfarrende waard sa hurd rekke dat se omgie. De skipper wol dat Doeksen tenei stadiger fart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)