Fertochte saak-Eastrum frij

27 jun 2008 - 14:07

De fertochte yn de ferkrêftingssaak fan Eastrum moat frijlitten wurde. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert freed bepaald. It hôf soe freed útspraak dwaan yn it heger berop. Neffens it hôf moatte ûnderdielen fan it ûndersyk noch better besjoen wurde.

De ferkrêftingsssaak spile yn desimber 2006. In 13-jierrich famke waard doe mei geweld twongen ta seksuele hannelings. De fertochte waard feroardiele troch de rjochter. De man hat sels altiten ûntkent.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)