Slangetunnel by Sint Jânsgea

de ringslangetunnel by it Easterskar
Amoureuze ringslangen yn natoergebiet Easterskar kinne tenei makliker in partner fine. Yn de Skardyk by Sint Jânsgea is in slangetunnel oanlein, want de dyk wie in barriêre foar sykjende slangen.
De gemeente Skarsterlân en It Fryske Gea ha derfoar soarge dat de slangen inoar moetsje kinne. Neist in tunnel binne der ek wanden oanlein dy't de slangen nei de oerstekplakken liede. Fansels kin ek oer lyts wyld gebrûk meitsje fan de foarsjennings.