'Thússoarch moat effisjinter'

27 jun 2008 - 11:27

Meiwurkers fan 'e Thússoarch yn Súdwest-Fryslân moatte har tiid better yndiele en sille deis mear kliïnten helpe moatte. Allinich mei dizze oanpak kin it kommende ferlies fan 3 miljoen euro opfongen wurde.

Yn de praktyk betsjut dit dat kliïnten net alle dagen deselde help oan hûs krije, mar de meiwurker dy't yn 'e buert is. Dêrneist stjit de organisaasje ferliesjouwende aktiviteiten ôf. Ek sil mear gearwurke wurde mei it sikehûs yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)