Mercurius lit oaren tv meitsje

© Omrop Fryslân
Omrop Mercurius yn Ljouwert is de earste lokale omrop yn Nederlân dy't syn programma's meitsje lit troch oaren. It giet dan bygelyks oer Sportclub Cambuur, de bibleteek of stedsskouboarch De Harmonie.
De omrop presintearre tongersdei in plan dat harren rêde moat, want de omrop fynt himsels net goed genôch om sels tillevyzje te meitsjen. Elke organisaasje dy't dat wol kin in filmke of meidielings op dit 'Kanaal Lokaal' útstjoere tsjin betelling.