Sipke Hulshoff nei Cambuur

26 jun 2008 - 21:47

Sipke Hulshoff wurdt trainer fan de A-junioaren fan SC Cambuur Ljouwert. Boppedat sil hy assistearje by de trainingen fan it earste fan de Ljouwerters. Troch it wurk by Cambuur hâldt Hulshoff per direkt op as trainer fan sneons tredde klasser ONT út De Pein. Wol bliuwt hy trainer by sneins earste klasser Burgum.

Sipke Hulshoff hat earder by Cambuur as jeugdtrainer wurke en wie trainer fan de B-junioaren fan FC Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)