Fryske walfiskfeart yn Canon

© Omrop Fryslân
De Fryske walfiskfeart is opnommen yn de Canon der provinciën sa't de NCRV dy opsteld hat. By radioprogramma Plein 5 koene harkers ideeën oanleverje foar de kanon. Alle ideeën binne op in list setten dêr't men op stimme koe. Sa binne no foar alle 12 provinsjes in ûnderwerp yn de Canon der provinciën opnommen.
De walfiskfeart wurdt no oer de hiele wrâld skerp feroardiele, mar it is noch mar 50 jier lyn dat ek Fryslân hjir like hurd oan meidie.