Broeretsjerke fol foar heamiel

Ien en al tradysje by it heamiel.
Wylst de measte boeren noch drok dwaande binne yn it hea, fiere se yn Boalsert de Heamieldagen. Tongersdei wie it hichtepunt: it heamiel sels yn de Broeretsjerke. Yn it ferline fierden boeren en harren feinten mei in miel dat al it hea wer binnen helle wie en dêrmei it swiere wurk der op siet.
Sa'n 250 minsken kamen nei de Broeretsjerke om mei te genietsjen fan it miel. It is ien en al tradysje.