Beima en Westra op nei NK

© Omrop Fryslân
Hurdfytsers Lieuwe_Westra fan Mûnein en Marcel_Beima fan Hurdegaryp meitsje harren op foar it Nederlânsk_ kampioenskip op 'e dyk. Dat wurdt snein ferriden yn Ootmarsum. Westra, dy't rydt foar Krolstone, wurdt wer better fan in swiere falpartij en hopet meidwaan te kinnen om de prizen.
Beima, dy't diel útmakket fan de Rabo-opliedingsploech, waard ferline jier twadde by de elite sûnder kontrakt. Hy wol snein graach goed ride om sa in profkontrakt te fertsjinjen.