Loads yn de brân yn Ketlik

© Omrop Fryslân
Der hat tongersdeitemiddei in grutte brân west by transportbedriuw Ponne oan de Skoatterlânskewei yn Ketlik. Der binne ferskate brânwachtkorpsen ynset, omdat it transportbedriuw yn de buert stiet fan natuergebiet it Ketliker Skar. Yn ferbân mei de droechte bestie de kâns dat it fjoer oerslacht nei dat gebiet.
De brân by transportbedriuw Ponne ûntstie healwei de middei yn in loads mei strie.