Wer brân op West-Skylge

26 jun 2008 - 12:41

Der hat niiskrekt op 'e nij brân west yn de buert fan de Longway by West Skylge. In toerist dy't dêr troch de bosk rûn, seach reek en warskôge fuortendalik de meiwurkers fan Steatsboskbehear.

De brânwacht hat it fjoer útmakke. In stik fan 15 by 15 meter grien is yn de brân flein. Omdat der moandeitejûn op itselde plak ek al brân wie, sille Steatsboskbehear en de brânwacht no faker surveillearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)