De Blesse oandien troch moard

De Blesse is oandien troch de moard.
Ynwenners fan De_Blesse binne oandien no´t bekend wurden is dat Ida_Klijnstra yn har wenning deasketten is. Woansdei is út seksje dúdlik wurde dat de 52-jierrige frou mei in fjoerwapen om it libben brocht is.
Noch hieltyd is der gjin spoar fan de dieder. De plysje giet op folle sterkte troch mei it ûndersyk. Tongersdei binne der wer in pear tips bykaam, mar de gouden tip siet der net by.