Undersyk nei sykte fan Weil

26 jun 2008 - 10:25

Der wurde fangkisten ynset om rotten te fangen dy´t yn it Prinses_Margrietkanaal by Grou swimme. Dit bart om te sjen oft yn it kanaal de sykte_fan_Weil sit.

Woansdei waard bekend dat by de rêdingsaksje mei it speedboatûngelok op it PM-kanaal in meiwurker fan it KLPD de sykte mooglik oprûn hat en dêroan ferstoarn is. Ek in dûker fan de brânwacht is mei sykteferskynsels nei it sikehûs rekke. Ek beide fertochten yn de saak wurde ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)