Ferrassingsbesites troch KNRM
Rêders fan de KNRM hawwe woansdeitejûn op Skiermûntseach ferrassingsbesites brocht oan in tal donateurs op it eilân. Dat waard dien om de trouwe donateurs fan ´e organisaasje te betankjen foar har finansjele stipe.
De frijwilligers fan de KNRM brochten de donateurs ek it 200ste nûmer fan De Reddingsboot, it donateursblêd fan de KNRM.