Hobma wint It Heidenskip

26 jun 2008 - 09:02
  • Thewis Hobma (foto Martin de Jong)

Fierljepper Thewis_Hobma fan Easthim hat woansdeitejûn de ljepperij wûn op It_Heidenskip. Mei in nij persoanlik rekord (19.83) bleau er de ferrassende nûmer twa, Rein_van_der_Wal fan Parregea, foar. Dy ferbettere syn persoanlik rekord spektakulêr mei mear as in meter, fan 18.62 nei 19.77.

By de junioaren wie Nard_Brandsma fan It_Heidenskip mei 18.20 (pr) de bêste. Anna_Jet_Leyenaar fan Snits wûn by de froulju en by de jonges waard Hans_Ulco_de_Boer fan Jutryp earste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)