Frjentsjer sûnder fjilden

25 jun 2008 - 22:39

Troch in flater fan de gemeente sit sportclub Frjentsjer it kommende seizoen sûnder trainingsfjilden. By de oanbesteging fan ´e keunstgersfjilden is der wat mis gien en dêrom moat it fan de rjochter op ´e nij. Gefolch is dat de keunstgersfjilden dy´t eins no klear wêze moasten, op syn betiidst yn de hjerst oanlein wurde kinne.

De feriening moat no 50 alvetallen kwyt op twa fjilden en op de needfoarsjenning by Blomketerp. Dat slagget neffens it bestjoer net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)