Grutte skea troch droechte

25 jun 2008 - 17:24
  • Skea oan jirpels troch droechte.
  • Net alle gewaaks mei bereind wurde

Fryske bouboeren rinne nei ferwachting in soad ynkomsten mis troch it droege waar. Yn 20 jier tiid hat it net sa droech west yn Noard-Nederlân. Foaral boeren dy´t poatjirpels ferbouwe, hawwe in soad skea. Mar ek de rispinge fan nôt, mais en sipels sjocht der min út.

Sûnt april is der 200 mm wetter te min fallen. De ferwachting is dat der 20 oant 25 persint minder fertsjinne wurdt oan de poatjirpels, ek as it de kommende wiken goed reine sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)