Brantgumer langer fêst

25 jun 2008 - 14:56

De Brantgumer dy´t fertocht wurdt fan it seksueel misbrûken fan seis jonges bliuwt sechstich dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochter bepaald. De man waard heal maaie oanhâlden. Twa fan de jonges dy´t er misbrûkt hawwe soe, wienen noch minderjierrich. Ek waard op de kompjûter fan de man berneporno fûn.

De man wie aktyf yn de teaterwrâld en kaam dêr yn kontakt mei de jonges.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)