Qbuzz ek aktyf yn Rotterdam

Qbuzz ek aktyf yn Rotterdam
Ferfiersbedriuw Qbuzz hat der in opdracht by. Tiisdei krige it bedriuw fan de provinsje tastimming om it busferfier yn Súdeast-Fryslân te dwaan. Woansdei hat de gemeente Rotterdam bepaald dat it bedriuw ek dêr it iepenbier busferfier fersoargje mei. Foar beide gebieten wie Qbuzz de iennichste belangstellende.
It bedriuw waard begjin dit jier oprjochte troch in eardere topman fan Connexxion. Qbuzz hat op dit stuit noch gjin bussen en sjauffeurs.