Andriesen: kontrôle is mooglik

25 jun 2008 - 13:51

Deputearre Andriesen sjocht mooglikheden om de kontrôle op it oantal mei te nimmen ljipaaien te ferbetterjen. De Raad fan State sei woansdei dat de provinsje ûnterjochte in fergunning ôfjûn hat foar it sykjen fan ljipaaien. Neffens de Ried wurdt der te min kontrolearre oft der net mear as it tastiene tal ljipaaien meinaam wurdt.

Andriesen tinkt dat der mei in bettere kontrôle wol wer ûntheffing foar it ljipaaisykjen ôfjûn wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)