Ljouwert better berikber

Alle dagen files by Drachtsterbrêge
De gemeente Ljouwert komt op reedlik koarte termyn mei maatregels om de berikberens fan Ljouwert te ferbetterjen. Der wurdt ûnder mear sjoen nei it opheffen fan in busbaan en it wizigjen fan markearrings.
It duorret noch jierren foardat der echt grutte maatregels komme lykas de mooglike oanlis fan in akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal. It ferkear hat lykwols no yn de spits al in soad problemen de stêd yn of út te kommen.